Rendert Algra yn 'e steaten

Algra syn koarte kampanje hat fertuten dien...
Ald-Twadde Keamerlid Rendert Algra fan Jobbegea is woansdei mei foarkarstimmen yn provinsjale steaten keazen. Algra, de nûmer 26 op de list fan it CDA, krige in lytse 6.000 foarkarstimmen. Hy wie dêrmei nei listlûker Sjoerd Galema de CDA'er mei de measte stimmen.
Algra stie eins op de list as listtriuwer, mar kaam ferline wike dochs mei in foarkaraksje. Net alle partijgenoaten wiene dêr wiis mei.