Gaasterlân-Sleat: winst SP, CU

De ûntfangsthal yn it Provinsjehûs
De VVD ferliest licht yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Ek it CDA ferliest yn dy gemeente, mar dan twa kear safolle. De SP wint 3,7 prosint yn Gaasterlân-Sleat en de CU wint 2,7 prosint.
Fierders is der foar de FNP in licht ferlies. Neffens kandidaat-steatelid VVD'er Van Mourik komt dat ferlies troch de opkomst fan partijen lykas De Friezen en De Partij foar it Noarden. Dy snobje stimmen by de FNP wei.