Menameradiel: PvdA wint

Joop Atsma (CDA) en Fashid Bashir (SP)
De PvdA is de winner yn de gemeente Menameradiel mei 4,1 prosint yn 'e plus. Dêrfoaroer stiet in ferlies fan 4,4 prosint by FNP en 2,4 prosint by Gemeentebelangen Fryslân. De SP wint 3,4 prosint en CDA en GrienLinks ferlieze licht. Lytse winst is der fierders foar de VVD en foar de lytseren en 'de nijen'.
Yn Wymbritseradiel wint de SP mei 1,8 prosint mar licht. De PvdA wint dêr 2,7 prosint en de FNP ferliest 2,5.