Ungelok by Wurdum

07 mrt 2007 - 21:38

By in ûngelok op de N32 by Ljouwert binne woansdei oan 'e ein fan de middei op syn minst twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's wiene opelkoar klapt op de krusing by Wurdum. Hoe slim de ferwûnings binne, is noch net bekend.

Fan goed kertier foar fiven oant sân oere hat de dyk út 'e rjochting Snits oant de krusing ôfset west. Dat soarge foar grutte drokte yn it ferkear op de binnendiken by Reduzum en Wytgaard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)