Ekstra priis foar aaifiner?

07 mrt 2007 - 15:53
  • Foarsitter Geert Benedictus tinktoan in gouden ljipaai

Miskien moatte minsken dy't meardere kearen it earste ljipaai fan Fryslân fine in ekstra priis krije, bygelyks in gouden ljipaai. Dat seit Geart Benedictus, de nije foarsitter fan it BFVW.

Woansdei is by Spannenburch it earste ljipaai fan Fryslân fûn troch de 37-jierige Christiaan Noordhuis út Boalsert. It is foar de twadde kear dat Noordhuis it earste ljipaai fan Fryslân fûn hat. It giet om in twake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)