Oanhâldings foar brânstifting

07 mrt 2007 - 14:54

De plysje hat twa manlju oanhâlden op fertinking fan brânstifting yn grillroom La Kashba oan it Breedpad op It Hearrenfean. It giet om in man fan 21 jier út It Hearrenfean en in 22- jierrige man fan Ljouwert.

Ein ferline jier waard it sintrum fan It Fean troffen troch in fûle brân. By de brân rekke ek ytkafee Oberon skansearre. Fuortdalik wie dúdlik dat it om brânstifting gie om't ien fan de ruten fan de grillroom ynslein wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)