Earste ljipaai fûn

07 mrt 2007 - 12:10
  • Christiaan Noordhuis by Spannenburch
  • De earste twa ljipaaien 2007

Christiaan Noordhuis (37) fan Boalsert hat it earste ljipaai fan 2007 fûn. Hy fûn it aai om sân minuten oer alven moarns by Spannenburch. Dêr fûn er yn 2003 ek al it earste Fryske ljipaai. It is dus de twadde kear dat Noordhuis it earste ljipaai fan Fryslân fynt.

It giet om in twake, dus in nêst mei twa aaien. Noordhuis sil it aai woansdeitemiddei oanbiede op it provinsjehûs yn Ljouwert oan kommissaris Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)