Gemeente Snits krijt wimpel

© Omrop Fryslân
De gemeente Snits sil in wimpel oanskaffe. Dêrmei is it earste boargerinisjatyf yn de gemeente oannommen. Yn desimber tsjinne in Snitser in foarstel yn foar in gemeentewimpel. Tiisdei gie de Snitser ried akkoart.
Sa'n wimpel kin brûkt wurde om in flaggemêst dy't net brûkt wurdt, te fersieren. It protokol foar in wimpel is folle frijer as foar in flagge. Sa mei in wimpel nachts hingjen bliuwe.