Ferset tsjin megawynmûnen

Smellingerlân siket alternatyf foar megawynmûne
It gemeentebestjoer fan Smellingerlân sil sjen nei alternativen foar it pleatsen fan megawynmûnen by Drachten.
Yn in riedsgearkomste waard tiisdeitejûn lang praat oer it stribjen fan de gemeente om yn de takomst fiif persint duorsume enerzjy op te wekken. Dat soe kinne troch wynenerzjy, mar tsjin de bou fan fjouwer megawynmûnen by yndustryterrein de Haven is in soad ferset.