Yllegale prostitúsje oanpakke
De gemeente Ljouwert moat wat dwaan oan yllegale prostitúsje yn wenwiken. Dat docht bliken út skriftlike fragen fan de FNP oan it kolleezje. Yn wiken as it Vliet soe geregeld sprake wêze fan yllegale prostitúsje. Dêrby komt ek drugshannel en fjoerwapengebrûk foar.
De FNP wol witte hoefolle meldingen dêroer binnen kommen binne en hoe't dizze meldingen oanpakt wurde.