Ja Suster Nee Suster útsteld

toanielbyld fan de Fryske Ja Suster Nee Suster
De foarstellingen fan it toanielstik Ja Suster, Nee Suster fan tongersdei en freed binne in wike útsteld. Dat hat te krijen mei famylje- omstannichheden fan ien fan de spilers.
De foarstellingen binne ferpleatst nei 15 en 16 maart, se begjinne om acht oere yn De Bidler yn Wergea. Kaarten dy't al kocht binne, bliuwe jildich. De foarstelling fan Ja Suster, Nee Suster kommende snein giet wol troch.