Nije wike nijs frouljusfuotbal

06 mrt 2007 - 14:10
  • Froulju Hearrefean
  • Frouljusfoutbal

De KNVB makket pas nije wike bekend hokker klubs krekt meidwaan sille oan de earedivyzje foar froulju. It wie de bedoeling dat it fuotbalbûn dat no freed al bekend meitsje soe, mar dat is no foarearst útsteld.

De KNVB hat noch net alle petearen fierd mei de klubs dy't harren oanmeld hawwe. Sawol sc Hearrenfean as Cambuur ha belangstelling foar de earedivyzje foar froulju, mar der is mar plak foar ien Fryske klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)