Kommend wykein Vikingrace

Jesper Hospes en Marrit Leenstra wûnen yn 2006 de Vikingrace
Kommend wykein wurdt op Thialf foar de 19e kear de Vikingrace hâlden. Dit is in ynternasjonaal toernoai foar jeugd fan 11 o/m 16 jier, dy't hjir spesjaal foar útnoege wurde. Fan de 288 dielnimmers komme der sa'n 200 bern út it bûtenlân dy't allegear yn gastgesinnen ûnderbrocht wurde.
It toernoai hat yn it ferline ferneamde riders opsmiten lykas Ids Postma, Wieteke Cramer, Margot Boer, Anni Friesinger en Simon Kuipers.