Bekeurings foar tinte ruten

06 mrt 2007 - 10:03

De plysje yn Fryslân hat de ôfrûne twa moanne sawat 100 bekeurings útdield, omdat autobestjoerders mei te donkere autoruten ride. As der minder as 50 prosint ljocht trochlitten wurdt krijt de bestjoerder in bekeuring fan 75 euro. It kentekenbewiis diel 1 kin ek ynnaam wurde. De auto moat dan binnen fjouwer wike oan de easken foldwaan.

Donkere ruten binne net feilich, omdat se it sicht beheine en der gjin eachkontakt mei it oare ferkear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)