Húskes op Skier stean leech

06 mrt 2007 - 09:58

Op Skiermûntseach wurde hieltyd mear fakânsjehûzen ferkocht oan minsken dy't se net mear ferhiere. Dat blykt út in ynventarisaasje fan de gemeente.

It giet om minsken dy't jild genôch hawwe en gjin belang hawwe by ynkomsten út ferhier. Hjirtroch stean de huzen in grut part fan it jier leech. 215 fan de 450 fakânsjehuzen op it eilân wurde no net mear ferhierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)