Havenjild Skylge 250% omheech

250% mear belesting foar charterskippen op Skylge
Charterboaten dy't minimaal in nacht oanlizze wolle yn de haven fan Skylge betelje dit jier 250 % mear belesting as ferline jier.
Nij is de ynfiering fan havenbelesting. Derneist wurdt der in ekstra toeristenbelesting oplein: it oankomsttaryf. Per passazjier moat 78 eurosint betelle wurde. Foar charterboaten, dy't faak mear as 20 persoanen oan board ha, gean de kosten dus flink omheech.