Eurlings:minder ferkearsdeaden

Us Remco de Vries yn petear mei de nije ferkearsminister (foto Martin de Jong)
Minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat wol it tal ferkearsdeaden lanlik werombringe. No falle der jierliks mear as 800 slachtoffers. Dat soe yn 2010 mei sa'n sechtich of santich werombrocht wêze moatte. Dat sei er moandei flakby Donkerbroek by de N381.
Eurlings wie yn Fryslân mei provinsjale CDA-politisy. Hy wie by de N381 om't lêsten it beslút oer it plak fan de nije N381 útsteld is.