Aksje om betider te stappen

05 mrt 2007 - 16:24

Al goed 1400 minsken ha de webside www.vroegopstap.nl tekene. Twa memmen út Sigerswâld binne in aksje begûn om de bern sa fier te krijen dat se betider stappe. Jongeren geane faak nei middernacht de doar út.

De reaksjes op de aksje binne posityf. Undernimmers wolle ek graach dat har saak earder fol sit. Doel is om 40.000 hantekens te sammeljen. Dan kinne se in inisjatyf-foarstel yntsjinje yn de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)