Undernimmers sûnder strik

© Omrop Fryslân
Fryske ûndernimmers dy't gjin strik ha, kinne har oanslute by de nije 'club zonder stropdas'. Dizze klub foar kreative ûndernimmers komt alle moannen by elkoar yn de húskeamer fan ien fan de leden.
Yn tsjinstelling ta oare klubs prate se net oer saken en suksessen, mar oer de persoanlike en sosjale kant fan it wurk as ûndernimmer. Op de gearkomste is it ferbean in strik te dragen. De klub hat 15 leden.