Knoopsgat-sjirurgy by MCL

Jean Pierre Pieri, mage-terms-lever sjirurch oan it wurk
It MCL yn Ljouwert rint lanlik foarop mei knoopsgat-sjirurgy. Dat is operearje fia lytse gatsjes sadat net de hiele búk iepensnijd hoecht te wurden. De ferwûning by de pasjint is lytser en it herstel giet flugger.
Yn Ljouwert wurdt 80 prosint fan de operaasjes oan de grutte terms dien mei dy technyk. Lanlik is dat 5 prosint. Yn Ljouwert is in kongres oer moderne techniken yn de sjirurgy mei 200 artsen út binnen- en bûtenlân.