'Speeddate on ice' yn Ljouwert

05 mrt 2007 - 15:09

De reedrydhal yn Ljouwert hat tiisdei in romantyske jûn mei 'speeddating on ice.' Eartiids wie natueriis in moetingsplak foar jonges en famkes, mar safolle natueriis is der net mear.

De speeddate-stichting De Fonk wol in moderne fariant dêrfan yn it libben roppe. Mooglik is it speeddaten op iis in wrâldprimeur. Benammen froulju binne entûsjast oer it idee. De organisaasje hie ferwachte dat krekt manlju har opjaan soenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)