GL wol lightrailstasjons

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan GrienLinks is moandei begûn mei it oanfreegjen fan boufergunningen foar takomstige lightrailstasjons yn Fryslân. Dy soene komme moatte yn Ljouwert, Snits, Drachten en op It Hearrenfean.
It jild soe komme moatte út de pot fan de Sintrale As. Mei de lightrail wurde de gruttere plakken better berikber en boppedat nimt de útstjit fan broeikasgassen ôf, sa tinkt GrienLinks.