Drokte op iepen dei provinsje

© Omrop Fryslân
Sa'n 2200 minsken ha sneon op de iepen dei fan de provinsje west. Dat binne der goed twahûndert mear as fjouwer jier lyn.
Op fiif ferskate lokaasjes liet de provinsje sjen wat der allegear dien wurdt. Besikers koenen nei Snits, Harns, Dokkum, Drachten en op It Hearrenfean om te sjen. Benammen yn Snits wie it drok. Dêr krige it publyk in rûnlieding troch it akwadukt dat boud wurdt.