Homo moat oeral trouwe kinne

05 mrt 2007 - 09:54

De PvdA yn Ljouwert is net wiis mei de ôfspraken fan it nije kabinet oer it sluten fan homo-houliken. Gemeenten meie sels bepale wat se dogge mei de oanstelling fan nije amtners. Dêrtroch bestiet neffens de PvdA Ljouwert de kâns dat homoseksuelen yn guon gemeenten net trouwe kinne. De PvdA wol dêr gau dúdlikheid oer.

It stânpunt fan Ljouwerter PvdA is dat alle homo's oeral troch alle bysûndere amtners troud wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)