Ferlies sneinshaadklassers

Hans Schrijver, trener fan Snits
De beide Fryske sneinshaadklassers, Snits en De Jouwer, ha sneintemiddei ferlern. Snits gie op eigen fjild yn de slotfaze mei 3-2 ûnderút tsjin Lienden. De Snitsers kamen wol twa kear op foarsprong mar de punten giene úteinliks nei de ploech út De Betuwe.
De Jouwer hie yn Haaksbergen gjin inkele kâns tsjin HSC 21. De Jousters ferlearen mei 5-0. De ploech fan trener Henk Konings bliuwt troch dit ferlies swier yn de degradaasjesoargen.