Swiere mishanneling op It Fean

04 mrt 2007 - 15:49

In ynwenner (30) fan It Hearrenfean is sneontenacht yn syn wente oan de Vermeerstrjitte swier mishannele. Twa manlju kamen mei geweld syn wente binnen en begûnen de Feanster direkt te slaan en te skoppen.

Dêrnei naaiden se út. It slachtoffer hie ferwûnings oan it gesicht. Hy is oerbocht nei it sikehûs. De oanlieding fan de mishanneling wurdt socht yn de relasjonele sfear. De fertochten ha har sels snein melden by de plysje..

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)