Auto útbaarnd yn Ljouwert

04 mrt 2007 - 14:46

Yn de Sacramentstrjitte yn Ljouwert is sneon in BMW folslein útbaarnd. De eigner ried troch de binnenstêd doe't er ynienen in klap hearde. Hy ried earst noch troch, mar omstanners wiisden him op de reek dy't ûnder de motorkap weikaam. Hy hat de auto doe oan de kant set.

De BMW wie net mear te rêden. De oarsaak fan de brân is nei alle gedachten in technysk probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)