Mishanneling yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige Drachtster is sneintemoarn betiid op de Noardkade yn syn wenplak oanhâlden foar mishanneling. Hy hie in 28-jierrige plakgenoat yn it gesicht slein.
Wêrom't de mannen spul hiene, is noch net bekend. In 20-jierrige oare Drachtster is ek oanhâlden. Hy bemuoide him mei de arrestaasje. Hy is meinaam nei it buro. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.