Eklips hjir en dêr wol te sjen

De moannefertsjusterring fan sneontejûn wie nettsjinsteande de bewolking op guon plakken yn Fryslân goed sichtber. De fertsjustering begûn om 22.30 oere en wie tusken 00.00 en 01.00 oere folslein.
In moannefertsjustering docht him foar at de sinne, de ierde en de moanne op ien rjochte line lizze. Allinnich it ljocht dat troch de atmosfear fan de ierde filtere is, berikt dan de moanne. Dy krijt dan in reade gloed.