Brânwachtoefening yn Sweden

© Omrop Fryslân
In groep fan 32 Fryske brânwachtminsken sil dizze wike op oefening yn Sweden. By in spesjaal treningssintrum kin folle realistysker oefene wurde op brânsituaasjes as yn Nederlân.
Dat hat te krijen mei it feit dat de miljeuregels yn Sweden minder strang binne as yn Nederlân. At de oefenwike yn Sweden goed foldocht, wol de Fryske brânwacht dêr faker oefenings dwaan. De oefening kostet sa'n 100.000 euro.