Cyprès Tuinen wint bokaal

04 mrt 2007 - 12:14
  • De winners mei de Hoveniersbokaal

It bedriuw Cyprès Tuinen út Kollum is sneon winner wurden fan de Hoveniersbokaal 2007. De bokaal waard útrikt op de Huis & Tuinbeurs yn it WTC/Expo yn Ljouwert. In sjuery hat alle modeltunen op de beurs besjoen en fûn dy fan ûndernimmer Kloosterman fan Cyprès Tuinen it moaist. Oan de tún ha de meiwurkers fan it bedriuw 700 oeren wurke. It bedriuw mei takom jier fergees op de Huis & Tuinbeurs stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)