Flyers winne fan Geleen

04 mrt 2007 - 12:05

De iishockeyers fan Vadeko Flyers ha sneontejûn ek de twadde wedstriijd yn de heale finale fan de play-offs wûn tsjin Ruyters Eaters Geleen. It waard 4-2.

Yn de earste perioade kamen de Limburgers earst noch op foarsprong, mar de Flyers kamen sterk werom. Troch de oerwinning ha de Vadeko Flyers noch mar ien oerwinning nedich om de finale te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)