Minister tefreden oer Ljouwert

Minister Vogelaar
Minister Vogelaar fan Wenjen, Wiken en Yntegraasje is tefreden oer de oanpak fan efterstânswiken yn Ljouwert. Dat sei se sneon by har besite oan de Ljouwerter Frijheidswyk. De oanpak yn dy wyk befalt de minister, dy't by in kompjûterprojekt op besite gie.
De minister wol sa gau mooglik oan de slach mei de tritich grutste efterstânswiken yn Nederlân. Oft dêr ek Ljouwerter wiken by sitte is noch net bekend.