Santjin bonnen by Snits

03 mrt 2007 - 17:01

By in ferkearskontrôle yn Snits binne freed santjin bestjoerders op de bon slingere. De plysje kontrolearre by it akwadukt op te hurd riden.

Seis minsken riden hurder as de tastiene 30 kilometer yn de oere. De fluchste bestjoerder ride fjirtich kilometer te hurd. De oare bekeurings wiene foar ride troch read ljocht, ynhelje dêr't it net mei, ride sûnder helm, de gordel net om ha en net handsfree belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)