Koperdieven betrape

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtnacht twa koperdieven oanhâlden. De manlju waarden betrape by in brêge-yn-oanbou by Kollum. De kofferbak fan har auto lei fol mei elektrisiteitskabel. It giet om twa Drachtsters fan 21 en 25 jier. Se binne nei it buro brocht.
Koperdieverij is de lêste moannen in grut probleem. Fanwege de hege prizen wurdt op ferskate plakken koper fuorthelle, bygelyks by it spoar.