'Dúdlikens oer eveneminten'

De oerheid moat dúdlik meitsje wat noch mei yn de saneamde Natura 2000 gebieten. Dat seit foarsitter Kroes, fan de feriening Fryske Alvestêden. Ek yn Fryslân lizze natoergebieten dêr't aansen Europeeske regels foar natoerbehâld jilde.
CDA'er Atsma wol garânsjes fan it kabinet. Hy is benaud dat troch de nije regels Fryske eveneminten, lykas skûtsjesilen of de Alvestêdetocht, aansen net mear meie.