Harns wer bernûnfreonlik

Harns: net geskikt foar jonge bern....
De gemeente Harns is foar it twadde jier op rige foar bern it minste plak yn Fryslân om op te groeien. Dat docht bliken út in lanlik ûndersyk fan it Verwey-Jonker ynstitút.
Sjoen is nei ûnder mear bernestjerte, bernemishanneling, jeugdkriminaliteit, skoalfersom en jonge memmen. Neffens Wethâlder Sijbenga wurdt der al drok wurke om saken te ferbetterjen. Sa rinne der projekten om learefterstannen oan te pakken.