Dordrecht-bussen weromstjoerd

In grut tal Dordrecht-supporters hat freed de wedstryd tsjin Cambuur net sjoen. De supporters sieten yn twa bussen dy't troch de plysje werom nei Dordrecht stjoerd binne foardat se by it Cambuur-stadion oankamen. De plysje die dat omdat der berjochten wienen dat Dordrecht- en Cambuursupporters mei-elkoar op de fûst gean soenen.
Boargemaster Dales hat in needbefel ôfkundige om it weromstjoeren fan de supporters mooglik te meitsjen.