Brazilianen by Solar Challenge
Oan de Frisian Solar Challenge docht takom jier ek in Braziliaans team mei. It team út Rio de Janeiro hat him fannewike meld by de organisaasje fan de race. Mei-elkoar rekkent dy organisaasje op sa'n 60 teams.
De Frisian Solar Challenge is in race lâns de alvestêden foar boaten dy't op sinne-enerzjy farre. De race waard ferline jier foar it earst hâlden.