Evaluaasje Frysk fytsbelied

De provinsje Fryslân lit as earste regio yn Europa syn fytsbelied evaluearje. Organisaasjes yn Fryslân kinne de kommende tiid har miening jaan oer dat fytsbelied. It giet dan om gemeenten, it Fytsersbûn en Veilig Verkeer Nederland.
De metoade dy't by de evaluaasje brûkt wurdt, wurdt ek tapast yn 65 stêden yn 15 oare lannen. Yn dy metoade wurdt it fytsbelied fergelike mei suksesfol belied oer de hiele wrâld.