CDA: plan rûnwei Garyp besjen

© Omrop Fryslân
By it plan foar in nije rûnwei om Garyp hinne moat better nei de ynwenners harke wurdt. Dat fynt it CDA yn de Steaten.
De measte ynwenners binne tsjin de rûnwei, dy't in diel wurdt fan de Sintrale As, om't it in 100-kilometer dyk wurde moat. Dat fine de Garipers te gefaarlik. It CDA yn de steaten kin him wol fine yn de beswieren. Mar oft se ek wat dwaan kinne, hinget fan de útkomst fan de ferkiezings ôf.