Lenie 't Hart nei Kanada

02 mrt 2007 - 14:15

Lenie 't Hart fan seehûnekresj Pieterburen sil nei Kanada om te striden tsjin de seehûnejacht. Dêr waarden foarich jier mear as 354.000 bisten deakneppele of deasketten.

Se sil dêr ek de earste stappen sette om te kommen ta in Edukatyf Seehûnesintrum op Prince Edward Island. Se sil prate mei fiskers dy't noch op seehûnen jeie. Se wol har ynsjen litte dat der oare wizen binne om de wurkgelegenheid te behâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)