Stjerte ûnder eidereinen

© Omrop Fryslân
It giet net goed mei de eidereinen yn it Waadgebiet. Dit jier binne op 'e nij in grut tal deade einen fûn. By Harns, Surch en Skiermûntseach binne al mear as hûndert einen oanspield. De stjerte komt sûnt 1990 foar.
Oarsaak is te min moksels en kokkels op it Waad. As dêr te min fan binne, frette de einen krabkes. Dêr sit in darmparasyt yn dy't deadlik is foar eidereinen. Mooglik ferdwine de eidereinen sa út it Waadgebiet.