Krúspunt Harkema moat feiliger

02 mrt 2007 - 09:56

It krúspunt fan de Lândyk mei de Reitsmastrjitte op de Harkema moat feiliger wurde. Dat fine ûndernimmers út de agraryske sektor. Foaral it oerstekken fan traktors mei wein is gefaarlik. Op de krusing komme ferskate wegen en paden by elkoar en dêrmei allegear ferkearsdielnimmers.

Pleatslik Belang hat wethâlder Van der Veen frege om de kwestje oan te kaarten by de provinsje. Dy beheart it krúspunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)