Jild rûnwei Bûtenpost rûn

01 mrt 2007 - 22:07

It eastlike part fan de rûnwei om Bûtenpost hinne kin lang om let oanlein wurde. De gemeente Achtkarspelen hat goed trije miljoen euro krigen fan it ryk. Dêrmei is de sinteraasje foar de oanlis rûn. De gemeente wol sa gau mooglik begjinne en sil earst om 'e tafel mei de grûneigners.

Mei de oanlis fan de eastlike rûnwei hopet de gemeente benammen it swiere ferkear bûten it doarp te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)