Oerenlange treinfertraging

01 mrt 2007 - 20:43
  • fertraging Ljouwert-Grins troch wikselsteuing

Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins ha tongersdei oerenlang te krijen hân mei fertraging. Troch in wikselsteuring rieden der minder treinen en moasten reizgers oerstappe yn Hurdegaryp. Dat betsjutte dat se op syn minst in kertier langer ûnderweis wiene.

De steuring duorre sa lang trochdat der ûnderdielen ferfongen wurde moasten. Net earder as nei achten koene alle treinen wer ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)