9 moanne foar balkondea

© Omrop Fryslân
Dea troch skuld en dus 9 moanne sel foar it fan it balkon triuwen fan in 67-jierrige frou. Dy straf krijt de Snitser (33) ek yn heger berop. It hof brûkt de plysjeferhoaren net, wêryn't de man tajout en letter wer ûntkent.
Neffens rjochtspsycholooch Peter van Koppen is de bekentenis fan de man mooglik fals. De plysje soe tefolle druk lein ha. It hof giet ôf op tsjûgen dy't de man krekt nei de fal sizzen hearden dat er treaun hie.