Berch fan Drachten mei bliuwe

01 mrt 2007 - 14:01

It protest tsjin it fuortheljen fan de berch yn it Reidingpark yn Drachten hat holpen. De gemeente Smellingerlân hat de plannen oanpast, neidat 88 minsken reageerren op de fernijings- plannen foar it park.

De measte Drachtsters ha wol wat mei de berch, hy leit der al 200 jier. Der binne ek guon dy't har yn it park net feilich fiele, omdat der ek in soad jongeren omhingje en soms drugs deale. De gemeente komt no mei twa plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)