Boaiemdelgong folle grutter

Der is al jierren warskôge foar boaiemdelgong troch gas- en sâltwinning
De boaiemdelgong troch gaswinning by Frjentsjer is folle grutter as oant no ta ferwachte waard. Dat docht bliken út in brief fan it wetterskip Fryslân oan it ministearje fan ekonomsyke saken. De brief is by de steate- fraksje fan de FNP telâne kommen.
Yn it brief skriuwt it wetterskip dat de grûn by Frjentsjer yntusken sa'n 13 sintimeter sakke is, wylst útgien wie fan maksimaal 8 sintimeter. De sifers komme fan Vermilion en Frisia.