De Rouwe yn Twadde Keamer

01 mrt 2007 - 12:02
  • Sander de Rouwe no Twadde Keamerlid

Sander de Rouwe út Boalsert is niiskrekt yn de Twadde Keamer beëdige as nij Twadde Keamerlid foar it CDA. De 26-jierrige De Rouwe is yn de Keamer kommen omdat seis sittende CDA-keamerleden de oerstap makke hawwe nei it kabinet.

It Boalserter riedslid stie by de ferkiezings yn novimber ferline jier op it 46ste plak. Omdat it CDA 41 sitten krige, moast de Rouwe earst plaknimme yn de wachtkeamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)